Ôflevering 3: De moaiste ferhalen

Yn ôflevering 3 fan podcast Testamint fan de siel nimt Hylke ús mei nei syn aldermoaiste, meast yndrukwekkende en bysûnderste ferhalen. Net allinnich as skriuwer, mar ek as sjoernalist. As rasferteller lûkt er dy de mominten yn fan tafallige moetingen dy't útgroeid binne ta syn grutste pearels. ,,In ferhaal levert altyd wer in ferhaal op.’’ Sa treft er yn Kanada by tafal de haadrolspiler út ien fan syn moaiste ferhalen fan It wrede paradys, trochdat er syn rydbewiis ferjitten is.

Om Podcasten

Dit is Testamint fan de siel. In podcast mei Hylke Speerstra (87), ien fan Fryslâns grutste skriuwers en ferhalefertellers. Testamint fan de siel is de titel fan syn alderlêste boek, mar it is ek wat dizze podcast is: in testamint fan Hylkes siel. Gewoanwei fertelt er de ferhalen fan oaren, mar no jout er himséls bleat. Noch ien kear fertelt Hylke alles wat er Fryslân efterlitte wol. Wêrom kin er net oars as ferhalen fertelle? Hat er noed oer it Frysk? En wat leit der foar him, no’t er syn lêste boek skreaun hat? Yn Testamint fan de siel fertelt er it yn fjouwer ôfleveringen oan Martine van der Steege fan de Leeuwarder Courant.